Moster
In poep seach ris yn in bakkerswinkel in fet mei huning stean. Hy frege de bakker, hwat guod oft dat wie. ‘Moster’, sei de bakker. De poep, it wie hwat in Jan-hin, woe witte, oft it lekker wie. De bakker liet him in leppelfol priuwe en dat smakke skoan. Hy frege, oft er der ek mear fan krije koe. Né, huning forkocht de bakker net, dan moast er by de winkelman wêze, hjir skean foaroer. ‘Der moatte jo mar om moster freegje’. Der sette de poep hinne, hy smiet in stûr op 'e toanbank en frege om moster. ‘Hwer wolle jo it yn ha?’ woe it winkelwyfke witte. ‘Will 't hier moar in geit'n!’ sei er en spalke de mûle yn 't wiidst iepen. It minske tocht al: in nuvere smaek hat dy keardel, mar se krige in grou leppelfol moster en geat it him yn 'e mûle. Dat wie hjit fansels, dat de poep bigoun ôfgryslik to jammerjen: ‘Snied mi de naas of, snied mi de naas of. Beter de naas verlor'n as de heile kop verbrand!’