De tsiis yn 't wetter
Trije poepen hiene har wiken om by de boer en doe setten se ôf nei it easten, elk in tsiis, dy't se fan 'e boer krige hiene, yn 'e rêchpûde - meastentiids wie dy yn 't lean ynbigrepen. It wie al joun, mar omdat it moai helder waer en folle moanne wie, sjaggelen se noch mar hwat troch. Se rounen by in feart lâns en doe rôp de iene: ‘Kuck, doar ligg't 'n Käse in 't woater!’ Sa'n prachtige roune giele tsiis (it wie de folle moanne, dy't yn 't wetter spegele), it biet har de eagen út! Mar hoe dy binei to kommen? Swimmers wiene it net. ‘Kuck, he drifft ja mit!’ seine se. Dat wie al hwat eigenaerdich. Doe moasten se oer in tille, it paed roun oan 'e oare kant fan it wetter fierder. Doe't se dêr efkes op stean bleauwen, dreau de tsiis flak ûnder har. Miskien wie dit de kâns om him der út to krijen, dat se leine har rêdding en de tsiis op 'e brêge. De iene poep soe dan mar oan 'e batting fan 'e tille hingje en as de oare him by syn maet delsakje liet en hy hâldde him mei ien hân oan de oare syn foet beet, dan koe er faeks mei de oare hân de tsiis rikke. Mar it die bliken, hy hinge noch to heech. Doe krige er mei de frije earm de oare skonk beet en de tredde poep liet him by syn twa maten delglide. Hast hie er de tsiis to pakken, mar doe sei de boppeste, hwant it kaem der foar him noch al op oan: ‘Wacht moal, eb'n in de hann'n spucken!’ Hy liet los en alle trije ploften se kopke-ûnder yn 'e feart. Se