Op jan poeps plak
Teltsjes oer hantsjemieren
In pear ieuwen lang kamen se alle simmers wer opsetten, de gastarbeiders út it easten, út it Hannoverske, út Eastfryslân en Westfalen, de hantsjemieren, dy't meast poepen neamd waerden. Se foelen op troch har hwat aparte klaeijing - in koart blaubaitsje mei reade omslaggen hiene se oan. Gâns in dracht tôgen se mei: in seine, in blaupûde, in pear learzens; in figematte dy't yn 'e gleone greide wol fan pas komme soe, bongele meastal ek op 'e rêch. As se yn 't mêd stiene, yn ‘jichtbaei’ en blaustreekje ûnderbroek, dan die it bliken hwat se wurdich wiene en by de itenspanne stiene se har mantsje net minder. Dat it taelforskil en it tahâlden yn in gea dat hiel oars wie as hwat se thús wend wiene - binammen it skipperjen wie har frjemd - wol ris brike forsinnen meibrocht, kin men fan tinken wol ha. Spot mei hwat oars en frjemd is hat de minsken altyd wol oan wollen. Mar oars as by de Dokkumers giet it yn 'e teltsjes dy't sadwaende ûntstiene, noait oer greate ploegen, mar oer ien, twa of op syn heechst trije fan sokke mannen.