Hoe't it rinne kin
Twa hantsjemieren kamen elkoar ris tsjin op in polderdyk. Se hiene elkoar yn jierren net sjoen en gongen op in hikke sitten. De iene frege de oare hoe't it him gongen wie.
‘Dat sil 'k dy fortelle’, sei de earste mier, ‘ik rekke by in bêste boer yn 't wurk’.
‘Dat is moai’, sei de twadde mier.
‘Sa moai wie it nou ek net’, sei de earste mier, ‘hwant ik rekke mei hynder en wein yn 'e sleat’.
‘Dat wie slim’, sei de twadde mier.
‘Sa slim wie it nou ek net’, sei de earste, ‘hwant de boer syn dochter helle my der út en wy binne troud’.
‘Dat is moai’, sei de twadde mier.
‘Sa moai wie it nou ek wer net’, sei de earste, ‘se is binnen in moanne forstoarn’.
‘Dat is slim’, sei de twadde.
‘Sa slim wie it nou ek wer net’, sei de earste, ‘hwant ik hie de pleats’.
‘Dat is moai’, sei de twadde.
‘Sa moai is it nou ek net’, sei de earste, ‘hwant hy is oan 'e groun ta ôfbrând’.
‘Dat is slim’, sei de twadde.
‘Sa slim is it ek net’, sei de earste, ‘hwant ik hie noch in stik lân mei grouwe rapen’.
‘Dat wie moai’, sei de twadde.
‘Sa moai wie dat ek net’, sei de earste, ‘hwant de bargen ha se opfretten foardat se dold wiene’.