Peke
Der waes un jonge, di Peke hiette. Op un dei rôcht syn mim: ‘Peke, do moast tuus komme om swiet soepke te drinken’. Mar Peke waes drok oan 't spyljen en sei ‘nee’.
Doe sei syn mim tsjin de hoeng: ‘Hoeng, hàlje Peke, want Peke wol net tuus komme om swiet soepke te drinken’.
‘Nee’, sei de hoeng.
‘Stok’, sei mim, ‘slà do de hoeng es, want de hoeng wol Peke net hàlje en Peke wol net tuus komme om swiet soepke te drinken’.
‘Nee’, sei de stok.
Doe sei mim tsjin 't fjoer: ‘Fjoer, forbàn de stok, want de stok wol de hoeng net slaan, de hoeng wol Peke net hàlje en Peke wol net tuus komme om swiet soepke te drinken’.
‘Nee’, sei 't fjoer.
Doe sei mim tsjin 't wetter: ‘Wetter maitsje et fjoer út, want et fjoer wol de stok net forbànne, de stok wol de hoeng net slaan, de hoeng wol Peke net hàlje en Peke wol net tuus komme om swiet soepke te drinken’.
‘Nee’, sei 't wetter.
Doe sei mim tsjin de koe: ‘Koe, drink do et wetter es op, want et wetter wol et fjoer net útmaitsje, et fjoer wol de stok net forbànne, de stok wol de hoeng net slaan, de hoeng wol Peke net hàlje en Peke wol net tuus komme om swiet soepke te drinken’.
‘Nee’, sei de koe.
Doe sei mim tsjin de slager: ‘Slager, slachtsje do de koe, want de koe wol et wetter net opdrinke, et wetter wol et fjoer net útmaitsje, et fjoer wol de stok net forbànne, de stok wol de hoeng net slaan, de hoeng wol Peke net hàlje en Peke wol net tuus komme om swiet soepke te drinken’.
‘Nee’, sei de slager.
Doe wae mim sò dol, dat se tsjin de galg sei: ‘Galg, hàngje de slager op, want de slager wol de koe net slachtsje, de koe wol et wetter net opdrinke, et wetter wol et fjoer net útmaitsje, et fjoer wol de stok net forbànne, de stok wol de hoeng net slaan, de hoeng wol Peke net hàlje en Peke wol net tuus komme om swiet soepke te drinken’.
‘Ja’, sei de galg.
En de galg hange de slager op
En de slager makke de koe dead
En de koe dronk et wetter op
En et wetter makke et fjoer út
En et fjoer forbànde de stok
En de stok sloeg de hoeng
En Peke koom tuus om swiet soepke te drinken.