In earlik wyfke
Der wiene ris twa manlju togearre oan 't wurk, de iene wie troud en de oare net. Op in kear sieten se to skoftsjen en doe sei de iene: ‘Och jonge, hwat haw ik in earlik wyfke. Hwat haw ik in earlik wyfke! Sa wiis mei my, en sa trou!’ ‘O ja?’ frege de oare, twivelich - hy wie net foar neat frijgesel. ‘Dan moatte wy dêr ris in proef fan ha’. ‘Nou, dat kin om my wol. Bitink mar hwat’.
Se arbeiden noch in set en doe sei de frijfeint: ‘Wy geane nei hûs, en astou aensen thúskomste, dan hâldst dy siik’. ‘Goed’, sei de oare. Dat dy kaem thús en hy sei tsjin 't wyfke: ‘Ik bin lang net goed’. Hy rekke op bêd, mar it boaze oan. Dokter waerd der by helle. Dy hearde syn klachten oan en skreau medisinen foar - dan soe er wol gau wer opknappe. Mar it woe net betterje.
De maet dêr't er mei yn 't span arbeide kaem twa jounen letter. ‘Hoe is 't mei Jan?’ ‘Nou, net sa bêst. Dokter hat der west, mar it wol net’. ‘Ik moat mar even by him sjen’. In skoftsje letter kaem er werom. ‘Hoe liket it dy ta?’ frege se. ‘Net sa bêst. Net sa bêst. Hy kin ek sa wol wei wêze. Doe bigoun se to gûlen. It wie mâl hoe't se oangong en die: ‘Hoe moat ik dan? En wy hawwe in bern! Hwer moatte wy keare?’ Hy sei: ‘It is slim. Slim! Mar ik bin der ek noch!’ It gesicht klearre fuort op. ‘Ja’, flústere se. Hy makke it fuort mei har klear, dyselde jouns.