It resept
Der wie ris in professor yn 'e medisinen to Grins, dy hie in soan, dy't ek dokter wurde moast. Mar hy wie sa dom as oalje en koe net troch 't eksamen komme. Doe sei de professor op 't lêst: ‘Dou moatst de papieren doch mar ha, en dan moatst dokter wurde hielendal efter yn Drinte, dêr binne de minsken noch hwat dommer’. Doe joech de professor him fiifentweintich resepten mei. Hy sei tsjin syn soan: ‘Ast nou in pasjint haste, dan goaist de fiifentweintich resepten mar yn 'e hoed, dou krigest der ien út en dat skriuwst him mar foar’.
Sadwaende waerd er dokter yn 'e efterste úthoeke fan Drinte en hy die sa't syn heit him sein hie. En dat bisloech mar bêst. Der wie gjin rie ta, sa'n bêste dokter wie it. Och, de minsken wiene dêr moai soun en sterk en it wiene resepten dy't net in bulte kwea mochten.
In set letter krige de professor sels in kweade swolm yn 'e hals. Hy hie it der krap mei. Gjin dokter dy't der hwat oan dwaen koe, de operaesje koene se doe noch net. Op 't lêst lieten se de soan mar komme. Der gong sa'n rop fan him, dat sels to Grins hiene se der fan heard. Hy kaem en syn fiifentweintich resepten hie er by him. Hy roun nei 't húske en grabbele der ien fan út 'e hoed. Doe kaem er by it siikbêd en hy rôp: ‘Heit, ik wit it al: pappen op de buik, pappen op de buik!’ En dêr moast de professor sa om laitsje, dat de swolm briek troch en hy rêdde it der ôf.