It gers giet wol ris hinne en wer
In poep rekke hjir yn Fryslân by in boer oan 't wurk. Op in joune kuijeren de boer en hy togearre troch 't lân en doe rounen der yn in stik greide twa hazzen. De poep frege: ‘Ha jim hjir net mear hazzen? Och hea, as wy by ús thús oer in stik lân rinne, dan springe der wol tûzen hazzen om’. ‘Och’, sei de boer, ‘tûzen! Dat silst wol lige’. ‘Nou ja’, sei er, ‘fiifhûndert binne der wol’. Se kuijeren fierder en doe roun der wer in hazze troch in stik lân. ‘Né hear’, sei de poep, ‘it is hjir in spul fan neat. By ús rinne soms wol fiifhûndert tagelyk op 't lân’. ‘Och’, sei de boer, ‘dat silst wol lige’. ‘Nou’, seit er, ‘it binne wol twahûndert fyftich’. En doe't se weromgongen nei de pleats, sprong der wer in hazze om. De poep frege al wer: ‘Ha jim hjir gjin mear hazzen? By ús rinne wol fyftich’. ‘Och ju, dat lychste!’ rôp de boer. ‘Nou ja’, sei de poep, ‘mar it gers giet wol ris hinne en wer’.