de dove man. ‘Ja, ek moarn’, sei de man, ‘mar ik wol graech witte, hoe't ik op in gausten yn 't doarp komme kin!’ ‘Ik set in stôk yn 'e bile’, sei de dove. ‘Ja, dat sjoch ik wol, mar hwat is 't koartste paed nei 't doarp?’ ‘O, dêr seagje ik daelk in bêst ein ôf’. ‘Och man, rin nei de duvel!’ ‘As jo altyd mar rjochtut rinne, komme jo der fansels’.