Hwa is de baes?
Tije rike mannen dy gongen op reis mei in bargewein fol aeijen en mei trije hynders. Hwer't de man baes wie dêr soene se in hynder weijaen en hwer't de frou baes wie, in aei. Se hiene al withoelang ûnderweis west en noch wiene se gjin hynder kwyt, mar de aeijen wiene se hast trochhinne.
Doe kamen se by in boerepleats dêr stie al it folk to triljen. ‘Stil, stil!’ flústeren se mei de finger oan 'e lippen, ‘hwant o hea, de boer leit to sliepen’.
De trije mannen seagen inoar oan en seine: ‘Hjir koe der wol ris in hynder oan gean’.
Se wachten salang dat de boer de sliep út hie. Dêr kaem er oan. Hy hie de mannen amper sjoen, of hy frege, wakker brimstich: ‘Hwa hat jimme permisje jown om hjir samar oer dit padtsje to kommen!’ Se seine, se hiene boadskip. ‘Dan hiene jim roppe kinnen’, sei er, ‘hwant ik wol gjin frjemden op myn hiem ha’. Se seine, se hiene in hiel oar boadskip as sljocht hinne en wer: sa en sa.
Doe bikaem de boer al hwat. Hy soe de hynders mar ris bisjen. Ja, dit wie in moaijen en dat wie in moaijen, en it tredde wie ek in hiele moaijen.
‘Marre’, frege de mannen him, ‘binne jo hjir wol de baes?’ ‘Dat sil 'k jim fortelle’, sei de boer, ‘ik en gjinien oars. Ik diel de lekkens út. Ta de itenspot ta. As ik siz: Hjoed koarrapen, dan ite wy koarrapen. Mar is 't oar potiten, dan kin myn wiif mar foar potiten soargje.’
Nou, dan moast er mar in hynder útsykje. Hy biseach se alle trije foar de twadde kear en op 't lêst sei er: ‘As ik der ien út sykje mei, dan is dit myn hynder’.
Mar yntiid wie de frou der ek by kommen en dy sei: ‘Ik hie dy mei de wite fuotten doch leaver, as ik jo wie’. ‘Nou, dan dy mar’, sei de boer, ‘hwant dou wolst doch altyd baes wêze’.
Mar ien fan 'e trije mannen sei: ‘Sjoch, dit is foar jo’, en hy joech him in aei. Se sprongen op 'e bargewein en rieden mei har trije hynders fuort. De boer wie pûrrazend. Hy saeide har it aei efternei.