Piterke woaë graag wat for syn mim dwaan en gie dalik hinne om de nel te hàljen.
Krek, doe hi út de winkel koom, gie er un riid hea forbi, di de kant útgie fan syn huus.
Piterke tôcht dalik oan de ried fan syn mim, sei bi himself: ‘Ik sil 'm ynt hea stekke en as ik dan bi huus bin pakje ik him erút. En bli, dat er 'm noe net weibringe koeë, roon hi nêst de wein mei nei huus tò. Mar doe hi der wae soaë hi gaauw de nel pakje. Mar hò hi ik sôcht, hi koeë him tusken al dat hea net mear fine.
En doe hi wer bi syn mim koom, fortelde hi har, wat hi dien hieë en dat hi sonder nel tuuskoom. ‘Wat hàst toch dom dien, Piterke’, sei syn mim. ‘Do koeëst toch wol begripe, dast'm tusken dat hea net werom fine koeëste. Do hiest him op dyn jekkert stekke moatten.’
‘Das wear ik’, sei Piterke, ‘as 't wer bêrt’. Un pear dêgen letter hieë syn tae de greep britsen. En omdat hi dong strië moas, frêge hi oan Piterke, as hi gaauw even nei de smid gean woaë om un niënien.
‘Hêrd rinne, hear, want oars kom ik fanjoon net mear klear.
Piterke flaag as de wyn hinne en gelokkig, de smid hieë er nog ien stean.
Piterke noom 'm yn de hân en doe de doar út. Pas wae der buten, of hi tôcht oan de goeje ried fan syn mim en hi stiek de greep op syn jekkert. Dan koeë der'm teminsen net weibringe. Mar de lange, tsjokke tinen makken grouwe gatten yn syn goed.
En doe hi tuuskoom krigge hi schelden fan syn mim, omdat hi syn jekkert sò stikken makket hieë.
‘Do hiest him achter di oan slepe litte moatten’, sei se, ‘dan hieë dyn kostlike jekkert net stikken wên, wat hà ik nou wer un spil om 'm te maitsjen’. ‘Dat is wear ik’, sei Piterke, ‘as it wer bêrt’.
Snjoons ieten se bi Piterke altyd grauwe etten. En doe se sòwat klear wànnen, tôcht Piterke syn mim: ‘Jonge nog tò! Us spek is op’. Dalik rôcht se Piterke en sei tsjin him, dat er hêrd rinnende nog un poon spek hàlje moas. ‘Net spylje onderwei, hear! want et iten is dalik gear’.
Piterke, di hoenger hieë, roon as un knyn nei de winkel en der krigge hi syn spek.
Mar doe hi wer buten stieë, tôcht er: ‘Wat hàt mim ik wer seid? O ja, ik moas 't achter mi oanslepe litte’. Hi pakke gaauw un ein touw út syn bús en boon et spek der'oan en doe sleepte hi 't achter 'm oan trog al et sân en smoarighyd hinne. Rinne, dat di Piterke dieë, om mar gaauw tuus te wêzen, want hi rammele fan de hoenger. Mar nog hêrder as Piterke roon de hoeng fan syn bor man. Di krigge de rook fan Piterkes spek yn 'e noas, en hap, hap, der ginen un pear stikken út et spek. En doe gúlje, want der soaë wat opsitte. En gin spek bi de grauwe etten.
Mim koom op et gúljen oanrinnen en sei: ‘Wer gulest om, hat un hoeng di biten? - Mar wer is et spek?’ En doe fortelde Piterke, wat hi der mei dien hieë. Wat wae syn mim dol, mar omdat hi sò gule, koeë se hàst net op him schelde en sei: ‘Domme jonge, do hiest et op dyn hole leze moatten, dan hieë de hoeng er ommers net bi komme koeëd!’
‘Dat is wear ik’, sei Piterke, ‘as et wer bêrt!’
Mar di midzje iet Piterke de etten droeg.
Un wyk dernei môcht Piterke un pot mei stroop hàlje, omdat hi sograag soepen-