De hinnedief
By in boer ûnder Dokkum waerden hinnen fan 'e matte stellen en deabiten. De boer hie spul mei in buorman en hy tocht, dat dy it wol dwaen soe, hwant hy hie der krekt in kop foar. De boerinne wie bang, dat it in straf wie, omdat se twa jier forlyn in healtsje tofolle nommen hie foar in snies aeijen. Of miskien wie it wol duvelswurk. De feint sei, dat it wol ris in foks wêze koe dy't dit lapte. Hy hie fan syn heit wol ris heard, hoe't sa'n ûndier der útseach - heech op 'e poaten, read op 'e bealich en in lange swiere sturt. Der waerd in falle mei in skúf der foar timmere fan in bargetrôch. De feint soe de nachts op 'e hinnemattesouder sitte en as er hwat hearde soe er in eintsje tou trochfykje, dat de skúf foar it gat klapte. De boer leaude net, dat it ûndier der sa mar yn krûpe soe, dat hy boun de hoanne efter yn 'e kiste fêst.
De boer gong op bêd en de feint siet op 'e hinnemattesouder. Krekt doe't er hwat siet to slûgjen, hearde er de hoanne alderforskriklikst oangean. Hy die in hael mei it mes oer it tou en de skúf klapte ticht. De feint fleach as in wyld nei de foarein en bigoun op it finster to houwen en to bûtsen. De boer krige hast in oerhael en kroep ûnder de tekkens, hwant hy tocht, dat de boerinne doch gelyk hie en dat de duvel bûtendoar omspoeke. Doe't er hearde, dat de hinnedief yn 'e kiste siet, wie him dat in pak fan 't hert. Hy sei, dat se de oare moarns mei it ljochtwurden wol sjen soene hwat it wie.
De sinne wie noch mar krekt oan 'e loft of se bûgden har togearre oer de kiste. Der siet in oastgat yn en de boer koekeloerde der troch.