‘Sterreklaar’
Foarhinne hiene se to Warten in âld eksteur; Ouwerkerk wie syn namme. Hy moast dêr de oarder sa'n bytsje hâlde, mar it folk joech net folle om him, hwant hy wie sa dôf as in kwartel; boppedat wie it sa'n bangeskiter, dat de frou koe jouns mar mei him nei bûten gean, as er op it húske moast. Dat stie in eintsje fan 'e went ôf. Sa skildere it wyfke ris op in stjerheldere joun foar 't húske om. Doe sei se tsjin him: ‘'t Is sterreklaar’. ‘Wat!’ frege er, ‘kerels daar?’ ‘Ach man!’ sei se. Mar hy rôp: ‘Acht man!’ en hy stoude mei de broek los fan 't húske ôf.