In hiele bôlle
Der hat ris in jonge west dy't net sa botte snoad wie en neat ûnthâlde koe. Op in dei stjûrde syn mem him nei de bakker om in hiele bôlle. Hy wie deabinaud, dat er syn boadskip forjitte soe, dêrom sei er ûnderweis oan ien tried wei lûdop: ‘In hiele bôlle! In hiele bôlle!’ Hy kaem by in pleats lâns, dêr't se drok oan 't terskjen wiene. De jonge bleau efkes stean to sjen en de boer sei tsjin him: ‘Dat is iten genôch foar elkenien’. De jonge waerd kjel en sei gau: ‘In hiele bôlle!’ De boer seach forheard en sei: ‘Dou likest wol net wiis. Dou moatst sizze: Genôch foar 't hiele doarp!’ De jonge sei: ‘Dat sil ik ûnthâlde’, en doe't er fierder roun sei er lûdop: ‘Genôch foar 't hiele doarp!’
Hy moast it tsjerkje foarby en krekt kaem der in breidspear út. De jonge frou lei har man de earms om 'e hals en sei: ‘Myn hert rint oer fan leafde!’ De jonge, dy't syn boadskip ûnthâlde woe, roun der krekt lâns en sei lûdop: ‘Genôch foar 't hiele doarp!’ De breugeman waerd wyt om 'e holle fan lilkens en sei: ‘Wolst in wân op 'e hûd ha? Dou moatst sizze: ‘Oant de dea der op folget!’ De jonge printe it him goed yn 'e holle en sei nou neat oars as: ‘Oant de dea der op folget!’
Tichte by de bakker kaem er de fjildwachter tsjin, dy't in tsjinakseljende man nei it hounegat ûnder de toer bringe moast. De fjildwachter woe him hwat delbêdzje en sei: ‘Doch mar kalm oan - it is ommers mar foar efkes!’ De jonge seach se oan en sei gau goed lûd: ‘Oant de dea der op folget!’ De man dy't opsluten wurde moast, krige it brûs op 'e mûle en tjirge: ‘Greate okse, dou moatst sizze: Dit is ûnrjocht, dit is net fortsjinne’!