De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 274]
| |
en de man tocht, ik sil mar iepen kaert spylje - miskien kin dominy sizze, hoe't it moat. Hy lei him de saek út en hy sei: ‘Al hwat kin, mar dit kin sa net langer - ik woe mar skiede’. Doe stiek dominy de finger warskôgjend omheech: ‘Mar dát kin net! Jo meije net skiede! Elk minske hat syn krús - jo moatte jou krús drage!’ Dat antwurd foel de man hwat ôf, mar hy tocht, ja, dat moat dan mar. Lykwols, hy hie dominy net al to bêst bigrepen hawn, en wist hy hwat krúsdragen wie! In wykmannich letter tocht dominy, ik mei der doch wol ris wer sjen. Der kaem gjinien by de doar en hy hearde gâns leven en gestommel yn 'e hûs. Dat hy roun der samar yn op. En dêr seach er de man mei syn great swier minske omtôgjen. Hy pûstte der oer en hy koe hast net mear. ‘Man, hwat dogge jo nou?’ frege dominy, ‘is 't wer klear?’ ‘Ja’, hime de man, ‘dat hat dominy doch sels sein - ik moast myn krús drage, en dêr bin 'k mei dwaende’. It spande der by dominy om, dat er him goed hâldde. Hy is mar gau wer ôfstutsen. Eigentlik wie er wol in bytsje bliid. En it pear is byinoar bleaun. |
|