Dat wol 'k ek wol leauwe...
Op in doarp wie in feestjoun en der waerd preaun en noch ris preaun. Ien fan 'e boeren hie in fikse sneed yn 't ear, doe't er op hûs oan sylde. Hy naem de koers oer it tsjerkhôf, dat bikoarte it paed. Mar de deagraver hie dêr krekt oan 't grêfmeitsjen west; de boer stroffele oer de útsmiten modder en pofte hals oer de kop yn 't grêf. Dêr lei er to spinfuotsjen en hy koe der net wer út komme. It wie kâld en de boer die neat as krimmenearen.
It roun al tsjin 'e moarn, doe soe ien fan 'e oaren dan mar ris nei hûs en dy naem syn paed ek oer 't tsjerkhôf en dêr hearde er sokke mâlle gelûden. As er nochteren west hie, wie er wol útnaeid, mar dat wie er lang net en doe't er dêr de kûle seach mei de modderbult der njonken en hearde dat it lûd fan ûnderen kaem, doe tocht er, dêr moat ik mear fan witte. Hy krûpte der op hannen en fuotten hinne en loerde