De healbizige baerch
Der wenne to Dokkum in man mei in hiele greate húshâlding. Der wiene in bulte hongerige mûlen to stopjen, mar hy fortsjinne in knap lean en der waerd har fan alle kanten noch wol it ien en 't oar tatreaun. Sa nou en dan bleau der hwat iten oer en dat moast mei de ierappelskilen en de griente-ôffal weismiten wurde. Dat foun de frou skande, dêrom sloech se har man foar om in barchje op 't hok to nimmen. Sa'n bist friet alles, hie se wol ris heard, en dan diene it oerbleaune iten en de ôffal noch nut. De man stimde har mei en de frou soe útsjen, oft se net om skik oan in bigge slagje koe.
In setsje letter kaem der in keapman oan 'e doar, dy't wol yn kninen en oar lytsfé die. Se frege him oft er net in bigge foar har hie en hy sei har ta, dat er foar har omsjen soe. In wykmannich letter kaem er wer, mei in koer op 'e hounekarre. Hy rôp de frou der by en doe't er de koer iependie seach se in alderleafst bichje. De keapman frege der tsien grouwe gounen foar, it bigreate har al, mar nei hwat ompraten koft se de bigge. Har man timmere efterhûs in hok. It bist groeide as koal fan hwat der fan 'e tafel oerbleau en de bern tôgen woartels, âlde bôlle en fan alles oan.
In pear jier letter wie de baerch sa grou wurden, dat er hast net mear yn 't hok koe en it like wol, oft er noait genôch krige. Hy gnoarre en grânzge, slobbere en friet de hiele dei troch. De frou praette der wer mei har man oer en se bisleaten dat er mar forkoft wurde soe. De man hie oerdei syn wurk en de frou moast der mar mei rêdde. In setsje letter kaem de keapman wer oan 'e doar en de frou frege, oft er de baerch ek wer keapje woe. De man bearde dat hy der net folle gading oan makke, mar doe't er de baerch sjoen hie, frege er de frou doch, hwat der neffens har foar komme moast.
De frou klaude har yn 't hier en sei: ‘Ja sjoch, jo witte ek wol, dat er al twaddehâns wie, doe't ik him fan jo koft. En wy hawwe him ek noch in pear jier omraek brûkt. Dat ik soe sizze: jow mar in ryksdaelder!’