Pankoekite
In kloft heidtsjers kaem yn 't doarp to boadskipjen. Doe't se in bakkerij foarby kamen, sei in heidewiif tsjin har man: ‘Ik ha in ôfgrysliken sin om joun oaljekoeken to iten. Ik ha noch moal yn 'e hûs. Helje my efkes foar healtsje fan dat spul om it rize to litten.’ De man stapte de winkel yn, smiet in healtsje op 'e toanbank en frege om spul om moal foar oaljekoeken rize to litten. De bakker knypte in stikje gest ôf, striek it healtsje yn 't laed en joech it stikje gest oan 'e man. It rûgele him by de hân lâns en sadré't it op 'e groun foel, grypte de bakker syn kat it. De heidtsjer waerd lilk en hise syn houn op 'e kat oan. De bakker seach dat de houn syn kat biet en skopte him tsjin 'e bealich. De heideman seach, dat syn houn skopt waerd en sloech de bakker mei de stôk op 'e harsens. De bakker liet him net slaen troch in heidepyk en feegde der yn mei in koekeplanke. It heidewiif seach dat har man mei de koekeplanke slein waerd, se fleach de bakker oan en skuorde him it hier út 'e kop. De bakkerinne seach dat de bakker it hier út 'e kop skuord waerd en sloech it heidewiif mei de biezem op 'e kop. It heidewiif bigoun to moartsjen en alle heidtsjers stouden ta de winkel yn en bigounen mei to fjochtsjen. De bakker baltte om help en al syn feinten en freonen bigounen de heidtsjers ôf to ticheljen.
Se hawwe slein oant se net mear koene en doe't it wer frede wie, hie de bakker neat mear oer en it heidewiif hie gjin spul om it moal rize to litten. Sadwaende ha se mar gjin pankoeken iten en se wiene it der roerend oer iens dat oaljekoeken ek fiersto dreech op 'e mage leine.