Dat op in moaije winterdei dêr setten se togearre hinne. Underweis sei Tytsje tsjin Oeble: ‘Oeble, ik hâld sa'n forskrikliken soad fan dy - soest my ek in lytse deugd dwaen kinne?’ ‘Ast dat nou sa graech wolst’, sei Oeble - hy praette o sa stadich, mei lange úthalen. ‘Nou’, sei Tytsje, ‘dou bist in soune iter en dêr bin ik tige bliid om. As wy thús binne, kinst ite safolle ast wolst, mar by in oar dochst it wol ris in bytsje to ûnfoech. Dat ik soe dy freegje wolle, wolst asjeblyft net sa'n ôfgryslik protte ite?’ ‘Dat is ek hwat!’ sei Oeble, ‘nou sille we út to tsjokiten en nou moat ik dy dit bilove!’ ‘Och Oeble’, sei Tytsje, ‘doch it doch om my!’ Nou, hy hâldde in bulte fan syn Tytsje, dat hy joech bilies. Se praetten ôf, Tytsje soe it each hwat op him hâlde. Hy mocht him wol knap sêd ite, mar as se him efkes op 'e foet trape ûnder de tafel, dan moast er ophâlde.
By de boer en de frou waerden se alderhertlikst ûntfongen. Sa op 'e trie, sa alderhearlikst kofjedrinke, en doe Oeble noch efkes mei de boer nei 't bûthús to buorkjen. Hwat in gesellige dei! En dêr wie 't oan 't iten ta. Der kaem in skael fol oaljekoeken op 'e tafel, men koe der amper oerhinne sjen. De boerinne wist noch, dat Oeble dêr sa sljocht op wie. Oeble sette ta en se smakken him wer as fan âlds. It oare iten navenant. Mar hy wie noch lang net sêd, né noch net iens foar de helt wie er sêd, doe fielde er Tytsje har foet al op sines. Hy seach har forgrimmend oan oer de tafel, mar se hie der gjin euvelmoed yn en se lake him wakker ûnskuldich oan. Oeble koe har wol forgrieme, mar ja, biloofd is biloofd, dat Oeble lei de foarke en 't mes del. ‘Hwat sille we nou ha, Oeble?’ frege de boerinne, ‘jo binne net siik, wol?’ ‘Frou’, sei er, ‘ik sil net mear ha’. Sels Tytsje seach him forheard oan en frege: ‘Oeble jonge, hwat skeelt dy?’ Oeble seach noch helte forgrimmender. Hy tocht, o! as ik joun allinne mei dy bin, dan sil 'k dy geweken nimme! Nou doch ik it noch wol om dy. Mar hy hâldde de kop der foar. Sein is sein. ‘Wier, ik sil net mear ha’.
It fierdere fan 'e dei wie ek tige gesellich, mar ja, de mage jûke Oeble by tiden wol hwat. En de jouns, doe't se togearre op 't útfanhûzersbêd leine, wiene syn earste wurden: ‘Tytsje! Hwat in streek fan dy. Wy wiene noch mar krekt oan 't iten en doe my al op 'e foet traepje!’ ‘Ei jonge, dat ha 'k net dien!’ sei Tytsje. ‘Ik ha 't sekuer fornommen’, sei Oeble prot. ‘Oeble, wier, ik ha 't net dien. Mar hast der wol om tocht dat der sa'n greate houn ûnder 'e tafel lei?’ ‘Noait sjoen’, grommele Oeble. Tytsje sei: ‘Dy houn hat my in pear kear de poat op 'e skoech lein; dat sil er dy ek wol dien ha’. ‘Oars wie 't allegear neat, fanke’, sei Oeble, ‘mar ik ha noch sa'n skroei!’ Tytsje wist rie: ‘Ik ha wol sjoen, hwer't de frou de oaljekoeken stean hat. Dy hat se ûnder yn 'e kas, op 'e barte, delset. Kinst se samar krije. Helje mar in pear. Witst wol, hoest rinne moatst yn 't tsjuster, nou?’ Oeble foarsichtich út it bedsté en op bleate fuotten nei de kas ta. Hy die in graei, ûnder op 'e barte, en slokte gau ien troch. Noch in pear kear in graei en in slok - klear. Mar doe't er weromroun nei 't bedsté, tocht er, ik ha ek net iens preaun hwat ik opiten ha. It is doch krekt as smakken se oars as dy't ik fan 'e middei hawn ha. Nuver is 't. Tytsje flústere: ‘Jonge, en nou jowe we ús del, hear. Fielste dy nou goed sêd?’ ‘Nou, jawol’, sei Oeble, mar it kaem der net sa fleurich út. ‘Nacht Oeble!’ ‘Nacht Tytsje!’
Lykwols, Oeble koe de sliep net krije. Hy fielde him alderaeklikst. Nei in skoft sei er: ‘Tytsje, wurd ris wekker! Ast ris witst, hoe mâl as ik my fiel’. ‘Ja jonge? Hwat is der oan?’ ‘It is fan dy oaljekoeken komd. Ik bin sa raer, o ik bin sa raer! Tytsje, it kin sa net bliuwe!’ Tytsje waerd bang, hwant sa koe se Oeble net. Hy wie glêd mei himsels forlegen. ‘Helje de boer en de frou’, rôp er, ‘hwant ik gean dea!’