Sa gau as ik mei de holle knik...
Der wie ris in jonge to Dokkum, och, leare koe er net, dat syn heit ornearre, hy moast mar by in ambachtsman. Justjes bûten de stêd wenne in smid, dêr gong de heit hinne en sei: ‘Dy jonge fan my - leare kin er net, mar mei de hannen kin er him wol aerdich rêdde, dat ik woe him wol by it smidzjen ha. Kin er ek by jo yn 'e lear komme?’ ‘Och ja’, sei de smid, ‘ik kin wol in learjonge brûke’.
Dy jonge kaem dêr. ‘Nou’, sei de smid, ‘dan sille wy fuort mar bigjinne. Witst wol hwat dit is?’ ‘Ja’, sei de jonge, ‘dat is in hammer’. De smid pakte in stik izer: ‘En witst wol hwat dat is?’ ‘Dat is in stik izer’. De smid sei: ‘Nou stek ik it yn 't fjûr, sjochste? En nou helje ik it der wer út. Hwat is dat izer nou?’ ‘Dat is hyt’, sei de jonge. Doe tocht de smid, hy is wol aerdich by, liket my ta. Hy sei: ‘Mar sa'n stik izer dêr moatte wy hwat fan meitsje. As wy op dat izer slagge, dan wurdt it plat. Hjir, nim dou de hammer! En nou moatste goed oppasse. Sa gau as ik mei de holle knik, dan slachstou der op!’ De jonge gong foar 't ambyld stean, de smid knikte mei de holle, en hy krige sa'n klap op 'e harsens, dat hy foel dea efter it ambyld del.