Sil 't wy wêze?
In organist wie noch al wiis mei himsels. Op in sneintomoarn nei de preek kamen se togearre fan boppen, hy en de pûstertraper. Hy sei: ‘Hwat ha 'k merakel spile fan 'e moarn. Prachtich, h'n?’ ‘Nou ja’, sei de pûstertraper, ‘jo bidoele fansels: wy!’ ‘Né’, sei er, ‘dou kinst ommers net iens spylje’. ‘Ja, mar sûnder my kinstou it ek net, al giest op 'e kop stean’. Se hottefilen noch efkes, mar fierder gong dat sa ôf.
De middeis wie it wer tsjerke. De organist giet nei syn klavier en de pûstertraper oan 'e oare kant fan it oargel nei syn pomp. De organist bigjint to spyljen, mar der