dat se it net fierder brochten. Dêr waerd Franke wol ris hwat fortrietlik ûnder, en dan sei er noartlich: ‘It is nou tiid fan sliepen, moarnier is 't wer ier dei - gun my doch myn rêst’. Fet eamele noch in skoft troch, mar as er dan snoarke as in baerch hâldde se har mar stil.
Doe op in kear dat Franke wer lei to sliepen as in okse, bigoun Fetsje to dreamen en se dreamde dat se in goune foun hie. En mei waerd se wekker. Se seach om har hinne en frege harsels ôf, is it wier dat ik in goune foun ha of ha 'k dat nou dreamd? Al gau kaem se ta de ûntdekking dat it in dream west hie. Mar doe bigoun se der oer nei to prakkesearjen: as ik nou doch ris in goune foun, dat soe in moaije hael wêze! En as Franke dêr dan ris in goune ekstra by fortsjinne. Dat se joech Franke in homp. Hy frege, forsteurd yn 'e earste sliep: ‘Hwat hast wer to sangerjen?’ Doe bigoun se oer dy goune. Mar doe't der in goune op 't aljemint kaen, doe rekke Franke doch better by 't spul, al hoe sûchachtich en slûch as er wie, - en Fetsje dyng it forslach: sa en sa. Mar ja, dat foel him al hwat ôf, dy goune moast noch foun of fortsjinne wurde. Mar se breide fierder oan har forhael: as sy, Fetsje, dan dy goune foun en hy dyng ris in karweike, dat er in goune ekstra fortsjinne, en sy skiepmolk dan ris by in boer. En se dyng tige har bêst, dan koe it wêze dat de boer har ek in goune joech, en dan Franke noch in putsje yn 'e buorren, dan hiene wy noch in goune der by, dat wie mei-elkoar fjouwer goune. Se sei: ‘As ik der dan mei nei de merk gean - hwant dou kinst net nei de merk, en dêr hast gjin forstân fan, dat siz ik der fuort mar by - dan keapje ik dêr in kealtsje foar. Wy sette dat kealtsje oan en dat kealtsje wurdt in pinke. It hoekje lân dat Sybren nou brûkt, dat kinne wy sels wol by 't hiem hawwe en dan weidzje wy dy pinke sels. En dan wurdt dat in kou en as dan dy kou in keal bringt, dan kinne wy dat keal fan de koumolke meste en ik kin de molke dy't oerbliuwt tsjernje, dan ha wy sels bûter en de bûter dy't der oerbliuwt forkeapje ik’. ‘Ja’, sei Franke, ‘dou kinst wol hwat sizze, mar as wy in kou hawwe, dan wol ik ek ris molke priuwe, hwant ik krij nou noait gjin molke’. Fet sei: ‘Bist nou hielendal net wiis, datstou dy molke opsûpste! It keal moat sines ha en ik moat der fan tsjernje en dêr moat ik wer jild foar barre, hwant oars komme wy noait foarút. Dat dou krijst gjin molke!’ ‘Ja’, sei Franke, ‘al is 't sneins allinne mar in kopfol. It is hwat moais - sels in kou hawwe en dan net iens molke drinke!’ Fet sei: ‘Fei dêr de bek mar oan ôf - dou molke drinke! Gjin drip krijst fan my!’ Se waerden op 't lêst sa deilis, dat der foelen klappen en Fet rekke by de bedsplanke del. Se hie wol blauwe plakken, mar gjin goune.