Dêrom net
‘To Dokkum woense se juster in keardel net bigrave’. ‘Hea, hwerom net?’ ‘Omdat er net dea wie’.
In Dokkumer bakker hie him op in moarn forsliept. Hy kipe efkes oer de ûnderdoar en doe roun der krekt ien de strjitte lâns. ‘Sêch es, frind!’ rôp baes, ‘is dat daer ginder an 'e lucht de son of de maen?’ ‘Ik sú 't niet wete’, sei de oare, ‘ik woan hier niet’. ‘Waer woane jou dan?’ ‘Te Fraen'ker’.