De útkyk
It moat yn tiid fan oarloch west ha - guon sizze, it wie yn 'e Frânske tiid - doe hiet it, de fijân wie yn oantocht. De poarten kamen ticht en alle boargers waerden wapene. Hwa't mar in stôk tille koe, waerd by it garnizoen yndield. Mar sadwaende hiene se gjin man mear oer om út so sjen op 'e toer, fan hokker kant de fijân kaem. Doe hawwe se bline Pauke (Paulus), in bikend stedstype, yn 'e toer op 'e útkyk set.