Goede rie is djûr
De stêd Dokkum waerd ris bilegere en doe bigoun de fijân mei kanonnen op 'e stêdswâl to sjitten. It like wol dat se der in bresse yn sjitte soene. De Dokkumers hiene mei gauwens gjin tsjinwar mear, hwant de kûgels wiene op. Yn 'e froedskip sieten se dêr swier oer to stinnen. Op 't lêst sei der ien: ‘Ik ha der fan nacht ris oer lein to prakkesearjen en ik leau dat ik it foun ha: wy moatte se forslaen mei har eigen wapens. Witte jim hwat wy dogge? Wy litte in oprop útgean oan de ynwenners fan ús goede stêd, dat alle spegels dy't yn 'e huzen hingje, dy moatte se ynleverje. Wy litte se by de stedsmuorre delsakje, dan keatse de kûgels wol tobek!’