sitten’. Se hawwe de hazze ûnder de sturt sjoen en se wiene it der oer iens, dat it gjin triennen wiene, dy't der út rôllen, dus it soe wol gjin each wêze dat dêr siet. Se ornearren, dat se it de hazze ek wol sa goed úttsjutte koene, hwer't er lâns koe en hwer't er wêze moast. It maklikste en koartste paed wie fan Dokkum nei Burdaerd en dan by de Ie lâns oer Bartlehiem. Fan Wyns nei Lekkum koe er dan it binnenpaed nimme. As er it wetter mar yn 'e gaten hâlde koe er it paed net bjuster wurde. Lânhearre wenne oan 'e Grinzerstrjitwei en dat foun o sa maklik.
Se tochten, dat de hazze skoan yn ien dei hinne en werom koe en se soene de jouns om seis ûre op itselde plak op him wachtsje om to hearren hwat lânhearre sein hie. De iene boer foun, dat de hazze ûnderweis doch wol ris oanstekke kinne moast. Dêr wiene se it oer iens en se woene him in grouwe stûr ekstra meijaen. De iene ornearre, it wie de baes en doch de stûr by it oare jild yn 'e ponge, mar dêr woene de oaren neat fan witte - men hoegde op 't lést de kat ek net op 't spek to binen. As sa'n hazze yn 'e ponge mei jild omklauwe moast om syn stûr to sykjen, dan koe de forlieding him ris to great wurde, of der sieten miskien skobberts yn 'e herberge dy't him de sinten ûntfytmannen. Né, dat moast perfoarst net. Mar hwat dan? Ien fan 'e snoadsten foun, hy moast dy stûr mar yn syn eigen beurs hawwe en hy wiisde op 'e hazze syn ear. Mar se wisten net, hokker ear oft de hazze syn beurs wie, hwant oan wjerskanten fan 'e kop siet in gat. Men koe in boade net foar de holle stjitte, dêrom it wisse foar it ûnwisse - se treauwen yn elk gat in stûr. Ien fan 'e boeren siet yn 'e tsjerkeried en dy lei it de hazze noch hurd op om him net mei de greatestedsfroulju ôf to jaen, hwant dan koe it wol ris raer biteare. Se wiisden langear noch ienkear it koartste paed en doe lieten se him los.