Trije dagen gjin waer
Trije lju sieten byelkoar yn 'e herberch, in Ljouwerter, in Snitser en in Dokkumer. Der kaem in tongerloft opsetten en de kastlein ornearre dat it wol ris swier waer wurde koe. ‘Hwat swier waer!’ sei de Ljouwerter, ‘wy hawwe to Ljouwert ris sok swier waer hawn, dat in smid de hoefizers readgleon makke yn 'e wjerljochtstrielen dy't delkamen’. ‘It soe hwat!’ sei de Snitser, ‘wy hawwe to Snits ris swier waer hawn, doe wjerljochte it sa bot, dat de fisken dreauwen sean yn 'e Snitsermar’. De Dokkumer siet mei iepen mûle to harkjen, en doe't se him fregen, oft it wol ris sok swier waer to Dokkum west hie, sei er: ‘Sa mâl giet it by myn witten noait to Dokkum, it iennige frjemde dat my yn 't sin sjitte wol is, dat wy to Dokkum ris trije dagen efterelkoar hielendal gjin waer hawn ha’.