De platte brêge
In Dokkumer woe ris in fearskipke bouwe litte by in skûtmakker yn 'e stêd. Se waerden it iens oer de priis en de man sei hoe't er it krekt ha woe. It skipke kaem klear, mar doe't it yn 't wetter lei, koe it net ûnder de brêge troch. Goede rie wie djûr en elkenien sei der syn sechje oer. De iene woe de brêge opkrikke, de oare woe it skip krekt as in twibak midstroch seagje en it dan wer oanelkoar lymje.
Der wie in jonkje by de feart oan 't boartsjen mei in âld puts en de skûtmakker stie der mei niget nei to sjen. ‘Nou moatte jim ris sjen!’ sei er, ‘as dy puts leech is, driuwt er heech op 't wetter, mar sadré't der wetter yn komt, giet er djipper lizzen. Dat moat mei dit skip ek kinne’. Se bigounen mei man en macht mei wetter to