De beammen yn 'e pream
Se wiene to Dokkum ris dwaende om de bolwurksbeammen to roeijen. It wiene swiere beammen. Doe't se dan in stik of tsien roeid hiene, gongen se mei man en macht to wurk om de stammen stik foar stik nei ûnderen to sjouwen en yn in pream yn 'e grêft to avensearen. Dat naem gâns tiid, mar op 't lêst hiene se se doch mei folle pine en muoite alle tsien yn 'e pream.
Wylst se mei de lêste stamme dwaende wiene, wie dêr in frjemdling op it bolwurk kommen; dy seach dat spul oan en skodholle. ‘Hwat meitsje jimme it jimsels al swier’, sei er op 't lêst, ‘as jimme de pream deun foar 'e wâl lein hiene, ûnder oan it bolwurk, en jim hiene de stammen by de skeante del rôlje litten, in pear koarte peallen fan 'e wâl op 'e pream, dan hiene jim se samar to plak hawn’. ‘Jonge noch ta’, seine se, ‘hwat ha wy doch ezelse dom west. Mar it kin noch forholpen wurde’.
Wer mei man en macht to wurk. Se lichten de stammen ien foar ien út 'e pream en tôgen se by it bolwurk op, mar dat wie noch folle swierder kerwei as doe't se nei ûnderen moasten. Tsjin 'e joun wie it birêdden. Switfeijende seine se: ‘Nou ha wy skjin ús nocht, mar moarn sil 't heve’.
De oare moarnes lieten se de beamstammen ien foar ien moai by it bolwurk del rôlje en krigen se se op in maklike manier yn 'e pream. Doe seine se: ‘Dat ha wy mar ris knap fortoand. Dy man hat ús krekt op 'e tiid warskôge, oars wiene wy mei de pream fuortfearn en dit giet doch gâns lichter’.