De sânbult
In froedsman fan Dokkum hie it paedtsje yn syn tún opheegje litten. Doe't it klear wie, lei der noch in mânske bult oerbleaun sân yn 'e tún. Hy moast in pear dagen nei Ljouwert ta en frege oan ien fan 'e riedsleden, oft dy der foar soargje woe, dat it sân oan de lêste kerrel ta fuort kaem. Dêr koe er steat op meitsje, sei it riedslid.
Doe't de froedsman wer thúskaem, trof er it riedslid op 'e strjitte en frege him