De kont wol de Burdaerder kant út
Trije Dokkumers soene in skip de Dokkumer Ie lâns nei Dokkum lûke. It waeide dat it rikke en hoe't se ek yn 'e line hongen, it skip dreau de forkearde kant út. ‘Wy komme net yn 'e wyn op’, sei de iene. ‘Dou bist net wiis’, sei de oare, brûk dyn eagen - de kont fan 't skip wol de oare kant út as wy'. ‘Brûk jimme forstân’, sei de tredde, ‘de kont wol de oare kant út - as wy it skip nou swaeije en wy lûke de kont de Burdaerder kant út, dan komme wy sûnder muoite yn Dokkum torjochte’.