It duorre net sa mâlle lang doe hiene de arbeiders al in mânsk gat groeven en ien fan har frege, hoe djip oft se nou wiene. In oaren sei: ‘Efkes neitrêdzje’ en hy stapte mei ien foet rjocht it gat yn, mar hy klapte nei ûnderen. ‘Sa kin it net’, sei syn maet; hy liet him sakje en soe fan ûnderen nei boppen trêdzje. De fjirde man sei: ‘Greate bollekoppen dat jim binne, hoe hat de boargemaster it tou hjir útlein? Sawn trêdden rjocht foarút hat er dien en sa moat de saed ek rinne!’
Doe't de boargemaster thúskaem hiene se in hoale groeven fan 'e iene kant fan 'e tún nei de oare. De boargemaster wie kûgels, mar ien fan 'e mannen ornearre dat se it gat wol by ien ein optille koene en set it rjochtop - dan hiene hja en de boargemaster gelyk. De boargemaster liet it gat wer tichtsmite en wiisde it plak dêr't se de saed sawn trêd de groun yn grave moasten. Se hiene doch it akertou om it to mjitten!
De arbeiders tochten dat it nou wol klearkomme soe en groeven as wylden. De boargemaster wie al wer nei it stedhûs en se wiene sahwat op fiif trêdden djipte, doe't se op in mânske welle stjitten - it wetter brûsde omheech en mei gauwens stiene se der oan 'e mil ta yn. ‘Dit kin sa net’, seine se, ‘de boargemaster hat sein: sa djip as it akertou en as wy sa djip moatte dan forsûpe wy. Tichtsmite dat gat!’ en se smieten it wer ticht.
Dan mar yn 'e oare herne fan 'e tún bisykje, tochten se. Se groeven en groeven, krekt sa djip as it akertou lang wie, mar wetter founen se der net.
‘Ophâlde!’ sei de iene, ‘as wy noch djipper geane kin boargemaster der net mei de aker by, dan is it tou to koart’. ‘It is ek sa’, seine de oaren, ‘tichtsmite dat gat!’
De boargemaster kaem wer thús en se hawwe tsjin him sein, dat der gjin wetter to finen wie en dat se sa djip groeven hiene as it akertou lang wie.