De breawinning
Der wie in smid to Dokkum dy arbeide fan moarns ier oant jouns let. En dan kamen se wol ris by him, ek fan de froedskip, en seine tsjin him: ‘Man, man, man, hwat hawwe jo it drok - jo kinne jo wol forskreppe!’ ‘Nou’, sei de smid. ‘ha mar gjin noed mei my - salang as ik myn breawinning foar my stean ha’, en hy kloppe op it ambyld, ‘bin ik nearne bang foar’.
Op in dei wie de smid nei Ljouwert ta en doe rekke de smidte yn 'e brân. It wie ien stik fjûr; de boargemaster mei de froedskip kaem en doe frege de man fan 'e brânwacht: ‘Hwat moatte wy earst oanpakke, boargemaster?’ De boargemaster gebea: ‘It ambyld der út!’ Se binne mei-elkoar de smidte yn flein en hawwe mei man en macht it ambyld der út sleept. Dêr hiene se salang wurk mei, dat ûnderwilens baernde de smidte mei de wenning oan 'e groun ta ôf. Húsrie en alles bleau der yn en der wie neat mear oer as in rikjende púnheap.
Doe't de smid út Ljouwert weromkaem, rôpen de lju him fan fierrens al yn 'e mjitte, dat syn spul ôfbaernd wie. Hy fleach nei de boargemaster ta en hy frege: ‘Jim hawwe alles der foartiid doch wol út helle?’ ‘Jawisse’, sei de boargemaster, ‘ik sil 't jo sjen litte’. Hy naem him mei nei 't hok, kloppe op it ambyld en sei: ‘Jo sjogge it - dêr stiet de breawinning!’