De mol yn 'e froedsman syn tún
In froedsman to Dokkum foun op in kear in mollebult yn syn tún. Hy brocht it gefal yn 'e froedskip. ‘Dat ûndier moat der út’, sei er, ‘ik wol it dea ha’. Se redendielden der lang en breed oer, hoe't se dêr mei oan soene. Op 't lêst sei ien: ‘Wy kinne hjir net mei heal wurk folstean. Ik stel út, dat wy yn Sweden de greatste beam bistelle dy't der to finen is, en dy moat mei in skip hjirhinne forfierd wurde’. De stêd Dokkum naem der kontakt oer op mei Sweden en fierder wachten se ôf. Wiken en wiken gongen der foarby en it mollebultsje lei noch altyd yn 'e froedsman syn tún. Lang om let kaem der in skip oan mei in reus fan in beam oan board. Mei greate bokken en takels ha se him oerein set op 'e mollebult en doe mei in heibok mei ûnbidige oplangers lyk mei de groun heid. ‘Nou sil de mol wol dea wêze’, ornearre de froedskip.