De boarre op it spek
Der wie to Dokkum in boargemaster, dy hie in moai hoekje spek yn 'e kelder lizzen en hy wie deabinaud dat de mûzen der oan komme soene. Sadwaende lei er dy saek oan 'e froedskip foar. It wie net ienfâldich, mar ien fan 'e mannen seach ljocht. Hy sei: ‘Boargemaster, dêr hoege jo hielendal net bang foar to wêzen. Ik ha thús in grouwe boarre. Witte jo hwat wy dogge? Wy bine dy boarre op dat stik spek, dan kin der gjin mûs mear by komme’. Se hawwe de boarre op it spek boun, en de mûzen koene de bek der sikerwier nei slikje, hwant doe't de boargemaster de oare moarns yn 'e kelder kaem, hie de boarre it spek op. It is dan ek net ûnmooglik, dat it sprekwurd: ‘Men moat de kat net op 't spek bine’, to Dokkum ûntstien is.