De straf foar de ynbrekker
Troch ien fan 'e poarten wie ris in tige grouwe hazze yn 'e stêd fan Dokkum kommen. Op in moarn doe't de boargemaster ta it finster útseach, foel syn each op 'e hazze, dy't ta de griente yn syn tún siet. De boargemaster strûsde op slach nei it stedhûs. Hy joech oarder om alle poarten to sluten, rôp de wachters en de rjochtstsjinners by him en sei: ‘Der is in dief yn 'e stêd en dy stelt myn grientetún leech. Wy moatte him fange!’ Se setten alles op stelten en hâldden in driuwjacht troch hiele Dokkum. Se fleagen it iene hûs út en it oare yn, se brieken flierren op om to sjen oft er dêr ek ûnder siet; se sloopten de hokken, mar de dief koene se net fine. De jouns, doe't heal Dokkum fornield wie, kamen se dea-ynein werom. Se