Om dieven to kearen
De boargemaster fan Dokkum hie in hiele greate kelder. Dêr lei spek, woarst, skinke, der wie gjin né to keap. Op in kear kaem de faem yn 'e kelder om tsiis to heljen. Se kaem werom en sei: ‘Jo moatte gau komme, boargemaster - der hat in ynbrekker west en dy hat ta de tsiis sitten’. De boargemaster roun mei nei de kelder en ja, der lei in oansniene tsiis, dêr't in mûs oer gear west hie; der siet in gat yn. ‘It moat net mâlder!’ rôp er: ‘se ûntsjogge de boargemaster net iens mear. Dit moat út wêze!’ Hy lei de saek oan 'e froedskip foar. Doe sei ien fan 'e froedslju: ‘Boargemaster, om dieven to kearen dêr is ien goed middel foar’. ‘Hwat dan?’ woe de boargemaster witte. ‘Lilke hounen!’ sei er, ‘dêr binne se deabinaud fan’. Doe binne der boaden hiele Dokkum troch gongen; dy hawwe tsien lilke hounen opsocht en yn 'e kelder jage. Se seine tsjin de boargemaster: ‘Jo hoege gjin noed to hawwen - nou komt der noait wer in dief yn’.
Doe't de boargemaster de oare moarns yn 'e kelder seach, wie der gjin byt iten mear oer - de hounen hiene alles opfretten.