De boargemaster syn hin
Der wie to Dokkum ris in boargemaster dy hie in alderivichst moaije hin. Op in kear rekke dy hin út it hok en roun fuort. De hiele stêd siet der efteroan, mar alle kearen as se him krije soene fleach er op it lêste stuit wer fierder. De lju waerden wurch en ynein fan 't rinnen; doe wie der in riedslid dy sei: ‘Wy moatte dit hiel oars oanpakke. Lit my mar gewurde!’ Hy naem in pear man mei nei boargemaster syn hûs; se brieken it hinnehok ôf, brochten it oer nei it plak dêr't se de hin it lêst sjoen hiene en bouden it dêr wer op. De boargemaster kaem en frege: ‘Hwer is myn hin?’ It riedslid antwurde: ‘Dy sit hjir yn 't hok, boargemaster’. ‘O ja?’ sei de boargemaster. Doe seine se: ‘Forhip! Juster siet er wol op dit plak, en nou is er fuort!’