to'n ein en se ornearren, se soene der mar in ein muorre út brekke. Mar der wie ûnder de timmerlju hwat in âldeftich man, dy liet se mar moardzje mei dy balke en hy eage hwat om him hinne. De toerswellen wiene al yn 'e toer bigoun to nesteljen en doe kaem der ien oanfleanen mei in lang strie dwers yn 'e bek. De timmerman hie se wol ta de galmgatten ynfleanen sjoen. Hy tochte, as dy der troch moat mei syn strie, dan giet it him krekt as ús, dan strûpt hy der foar op. Mar doe seach er dan de swel efkes fladderjen, en yn in omsjoch hie er de strie by de iene ein beet. En samar wie er der mei troch in galmgat, nou't it yn 'e langte gong. Doe binne de timmerlju hinnegongen en se hawwe de balke yn 't lang troch de tsjerkedoar droegen. Hwant oannimme woene de Dokkumers oars wol.