De jas ûnder de tsjerke
To Dokkum hawwe se ek ris in tsjerke boud, dêr't se de finsters net yn forgeaten. Mar doe't it bouwurk klear wie en der in kear yn preke wie, klage de dominy dat de tsjerke forkeard stie - de sinne skynde him op 'e preekstoel lyk yn 'e eagen. Doe waerden se to riede en forset de tsjerke in ein. Hwer't er hinne moast, dêr lei de boargemaster syn jas del. Mar wylst de mannen oanskuorden om it gebou fan 't sté to lûken, krige immen dy jas dêr wer wei sûnder dat de boargemaster der erch yn hie. Efkes letter seach er syn jas net mear en hy rôp: ‘Hou mannen, niet feerder. De jas leit der al onder!’ De oare sneins skynde de sinne net en dominy hoegde der net tsjin to knypeagjen. Doe seine se: ‘Et het doch holpen, dat we 'm fertild hewwe’.