De tsjerke sûnder finsters
To Dokkum bouden se ris in tsjerke en doe forgeaten se om der finsters yn to meitsjen. Op in snein soe it bouwurk ynwijd wurde. Mar doe ûntdieken se dat it der roettsjuster yn wie. Earst ornearren se, der moasten fakkels komme, mar oaren seine, fakkels baerne op ljochtskyndei, dat is doch eigentlik ek to dwaes. Se sochten de boargemaster op en fregen om rie. De boargemaster klaude him efter it ear en sei: ‘Ja, ik wit der hwat op. Wy roppe alle manlju fan Dokkum op en allegear moatte se in tobbe, in amer of in sek meinimme. De sinne skynt klear - dan drage wy it ljocht yn 'e tsjerke’. Dat gong oan. Alleman hâldde syn sek iepen nei de sinne, of heinde it ljocht yn amer en tobbe. Dêr rounen se mei de tsjerke yn en binnen kearden se it spul om. In sé fan ljocht hawwe se yn 'e tsjerke tôge.