der!’ seine se, ‘dat is in mâl kerwei om sa'n toer to forplakken!’ ‘Né’, antwurde er, ‘hielendal net sa slim. Wy nimme fjouwer hynders en op elke hoeke fan 'e toer bimitselje wy der ien fan yn 'e founeminten, dat de poaten der ûnder wei stykje. En dan litte wy him stean. En as we de toer dan letter fan 't sté ha wolle, nimme wy in sek mei hjouwer en dy hâlde wy de fjouwer hynders foar de bek. Dan bigjinne se wol to rinnen en sa lokje wy se nei it plak dêr't wy de toer ha wolle’.