Stoepeskrobje
De Dokkumer tsjinstfammen moasten sneons de stoepen skrobje en se bigounen altyd mei de ûnderste treden en dan sa stadichoan nei boppen. Doe kaem der ien lâns fan bûten de stêd. Dy seach dat spul oan en sei: ‘Heden minsken, hwat ha jim sa in wurk fan 't wurk. De smoargens dy't jim der boppe ôf skrobje komt ommers op 'e treden to lânne dy't jim krekt skjinmakke ha. As jim nou ris fan boppen del skrobben’. De fammen seine: ‘Hwat binne jo in fornimstich man; dêr hiene wy út ússels noait op sind’.