Nije balstiennen
De balstiennen yn 'e Dokkumer strjitten waerden sa grien. It spul forsakke ek, dat der kamen bulten en gatten. Doe lieten se oanbisteegje om de strjitten to forfluorjen en der nije balstiennen yn to lizzen. De oannimmer liet de saek forfluorje, mar de balstiennen brûkte er wer en hy seach der net nei, oft se grien wiene of net. Mar doe't er klear wie en om 'e sinten kaem, seine se: ‘Hou ris, dou soest der nije balstiennen yn lizze’. ‘Ja, mar dizze binne noch krekt like geef as nije. Balstiennen geane net to'nein’. Dat koe bêst wêze, mar sa wie 't net oannommen - der moasten nije balstiennen yn. Nou, dat koe wol, sei de oannimmer. Dat moast ek op stel en sprong wêze, hwant de man siet om 'e sinten to springen. Dat hy teach op in joun yn 'e ljochtmoanne to wurk, mei in hiele ploech folk. Se kearden de balstiennen om en lieten se fierder op 't selde plak. Doe liken se nij en de man barde sinten.