De kou en it tsjerkedak
Op it tsjerkedak bigoun it gers weelderich to groeijen. Dêr woene de tsjerkfâdden hwat oan dwaen en der waerd drok oer redendield, hoe't se dat ha soene. ‘Meane litte’, sei de iene. ‘De koster moat wjûde’, ornearre de oare. In tredden woe de tsjerkemuorren mar ôfbrekke - dan kaem it dak op 'e groun to rêsten en koene se der makliker by om it skjin to hâlden. Alle idéen waerden forsmiten, mar tsjin 'e ein fan 'e gearkomste krige immen in helder momint: as se ris in kou koften en dy lieten se op it dak weidzje, dan sloegen se twa miggen yn ien klap: it dak skjin en molke yn 'e amer. Fan tsjerkejild hannelen se in kou oan. Mar doe moast er noch op it dak. Klimme koe er net, fleane likemin. Dan mar takelje, sei ien fan 'e tsjerkfâdden. De laeidekker waerd mei in mânsk ein tou nei boppen stjûrd en dat boun er fêst oan it hoantsje fan 'e toer. Fan in skip dat dêr foar de wâl lei lienden se in taeljeblok en doe soe it heve. Se bounen de kou de poaten by-elkoar en bigounen to lûken. Mar de kou rekke ûnder 'e fuotten. ‘Hou!’ rôp de dominy, ‘in kou dy't op 'e rêch leit kin net frette!’ Se makken it tou los en knopen it de kou om 'e bealch. Se bigounen to lûken, mar it bist skiet fan binaudens. ‘Hou!’ rôp de dominy, ‘sa komt ús hiele tsjerke ûnder de stront to sitten’. Doe seine se tsjin dominy: ‘It kin sus net, en it kin sa net - siz dominy dan, hoe't it moat’. Dominy knope de kou it tou om 'e strôte en sei: ‘Nou mar lûke!’ Se bigounen to hisen en de kou bigoun to rizen, earst de foarpoaten en doe it hiele bist. Se skuorden oan en de hiele tsjerkfâdij sei: ‘Dominy het gelyk’. Mar de kou smoarde en de tonge kaem him út 'e bek to hingjen. Doe rôpen alle Dokkumers: ‘Kyk, kyk, hy rúkt et gras al!’