De heale toer to keap
To Dokkum stie ris in toer, dy wie sa min, dat it koe sa net langer. Lykwols, de boppeste helte wie noch aerdich geef. Dy toer wie fan 'e stêd, dat doe seine se yn 'e ried: ‘It is doch in griis dat de hiele toer der ôf sil’. Doe ha se de ûnderste helte op ôfbraek to keap oanbean, wylst de boppeste helte stean bliuwe moast.