It rjocht sil stean
Se hiene yn earder tiden to Dokkum wol in gerjocht, mar gjin beul, hwant dêr hiene se gjin oanslach foar, sa faek hoegde dêr net ien gisele en dien to wurden. Foel dat ris foar, dan lieten se de Ljouwerter beul komme en dy naem dan syn eigen beulsark mei. Dat koste in slompe jild; hy naem net allinne it gewoane taryf foar beulswurk, mar der moast ûnderweis gauris oanstutsen wurde en dat sette er ek op 'e rekken. Mar foar de beul wie it likemin in fetpot, as er syn ûren rekkene. Dat doe't er in kearmannich de Dokkumer reis makke hie, frege er it dûbele fan it gewoane beulslean. De froedskip stinde der raer oer, mar ja, it rjocht moast syn loop hawwe.
Doe hiene se dan wer ris in skelm foar 't rjocht hawn, dy hie safolle út 'e wei set, dat it hie net mei minder as in giseling en in brânmerk ta kinnen. Mar it wie earm Dokkum, lyk as altyd, en de froedskip griisde tsjin 'e kosten oan. Se rieplachten de hiele joun, mar it wie like lang as 't breed wie - de kosten soene heech wêze. Doe wie der ien yn 'e froedskip, dy sei: ‘Wy binne niet wys, dat we dy beul hier komme late. As we nou es heengaan en geve dy kearel faifentwintig gulden, dan kin er him gisele en branmerke late wer't er wil en wij hewwe un knap stuk geld ferdiend’.
Dêr hie noch gjinien op sind, mar it like har allegear skoan ta. Dat se lieten de dief komme en fregen him, oft er dêr asjeblyft genoegen mei nimme woe. Dat die er. Hy is mei fiifentweintich goune yn 'e bûse ôfstutsen. Hwer't er him helpe litten hat is net bikend.