Der is mar ien dokkum
Yn alle lannen en streken is wol in stedtsje to finen, hwerfan de ynwenners foar ûnnoazel geane. Dat wie by de âlde Griken al it gefal mei Abdera. De Ingelsken hawwe har Gotham, de Denen Molbo, de Dútskers Schilda, en dan is der, net to forjitten, it Nederlânske Kampen Yn Fryslân binne it de Dokkumers dy't hyltyd wer miene dat se in wakker fornimstich idé krije, mar it blykt alle kearen de greatste dwaesheit to wêzen. ‘Der is mar ien Dokkum, mar Dokkumers fynt men oeral’, seit it sprekwurd. Mar yn 'e teltsjes oer Dokkumer snoade domkoppen - sokke teltsjes wurde sels ek ‘Dokkumers’ neamd - giet it net oer ien of twa ûnnoazele halzen, dy't brike setten dogge, mar it is de hiele boargerij, of op syn minst de froedskip, of oars wol de boargemaster as fortsjintwurdiger fan boargerij of stedsbistjûr, dy't himsels ta spot fan it omlizzende lân makket. Sels de bynamme fan 'e Dokkumers: ‘grenaten’ hinget mei sa'n teltsje gear. It mei ek wêze, dat de bynamme der earst wie, omdat der to Dokkum oars net folle to keap wie, neffens in âld rymke, en dat dêr in teltsje by makke is.
Daar 's anders niet te koop
als spieringen en garnaten
Yn alle gefallen, de Dokkumers binne ‘grenaten’ (garnalen) of ek wol: ‘To Dokkum leit in grenaet oan 't ketting’, neffens it sizzen, en dêr sit dan dat teltsje oan fêst: ‘To Dokkum - fan âlds séstêd - fongen se yn 'e tiid fan 'e Fryske steedhâlders ris in reuzeftige grenaet. De froedskip bisleat om it bist yn 'e grêft ûnder de Syl oan in sulveren kettinkje to lizzen, hwant se woene him yn 't libben hâlde, oant Syn Heechheit de steedhâlder de stêd mei in bisyk foreare. Spitigernôch bettere it heech bisyk oan Dokkum oer. Sadwaende leit de grenaet noch altyd ûnder de Syl oan 't ketting. Mar freegje dêr in Dokkumer net nei en hâld him in finger yn 'e bek’.
Hwerom't sokke setten de Dokkumers krekt tadichte wurde is min to forklearjen. Guon wolle hawwe, dat soe yn 'e sawntjinde ieu sa kommen wêze, doe't it yn Dokkum in fallite boel wurden wie troch it graven fan 'e trekfeart fan Dokkum nei Strobos. Spotforhalen oer earm Dokkum binne der yn alle gefallen planteit:
De huizen die zijn uitverkocht,
Op 'e Syl daar staat 'en pot;
Die wat heeft die geeft er wat
Voor die arme Dokkumstad,
fortelt it sa krekt oanhelle rymke fierder. Yn 'e tiid fan 'e slimste Dokkumer jildpine moat in trekskipper de line yn pleats fan oan 't skip oan 'e Dokkumer