En dou in der ivichheid niet!
Yn Dokkum hiene se op in kear tige lêst fan ûnbidige kloften protters. Alle jounen swarmen se by tûzenen oer de stêd, foardat se delstrieken yn 'e bolwurksbeammen. Dat wie in aeklike tiid. Alles bismoargen se. De froulju koene gjin linnen op 'e bleek ha. De dakpannen krigen harres der ek fan, dat it reinwetter yn 'e bakken wie net to drinken. De rie kaem der foar gear en der waerd in resolúsje oannommen: se soene dy smoarge protters mar ris foar gâns in skoft út 'e stêd banne. Dat moast de protters fansels oansein wurde. Dat op dei en ûre forskynde de boargemaster yn fol ornaet, it amtsketting om 'e nekke, op 'e stoepe fan it stedhûs. Mei lûde stimme bigoun er to lêzen út it resolúsjeboek:‘...dat geen spreeuw, welke het ook zij, zich voor de tijd van tien jaren binnen ons stadsgebied mag ophouden...’. Op dat stuit fleach der in protter oer en dy liet hwat er kwyt moast op it resolúsjeboek falle. Doe waerd de boargemaster breinroer. Hy rôlle de fûst en baltte de protter efternei: ‘En dou in der ivichheid niet!’