De ring fan it ljocht
(1976)–Ype Poortinga– Auteursrechtelijk beschermdFryske folksforhalen
[pagina 246]
| |
elkmes in kop kofje en in pear aeijen. En doe't de keapman de kofje op hie, waerd hy der by wei roppen. Hy stiek syn aeijen yn 'e bûse en sei tsjin 'e jonge: ‘Yt dou dyn aeijen hjir yntiid mar op’. Dat die de jonge en doe mar wachtsje en wachtsje, mar de keapman kaem noait werom. Op 't lêst soe er mar nei hûs, mar doe woe de kastlein sinten ha. De jonge sei: ‘Ja, ik ha gjin sint op 'e bûse - de keapman soe bitelje, mar dy is fuortgongen’. De kastlein koe dy keapman amper, dat dy wie breinroer, mar hwat moast er? Men kin in lûs net mear nimme as it libben, dat hy liet de jonge rinne. Dy sei noch: ‘As ik ris sinten krij dan sil ik jo dit bitelje, hwant sa wol 'k net’. Nou ja, dat wie goed, mar de kastlein rekkene nearne op. De jonge waerd boerefeint en letter boere-arbeider. Mar hy skarrele stadichoan foarút, syn wiif holp kloek mei, dat mei forrin fan jierren wie er in geseten boer. Se sieten op in sneintojoun ris to praten en doe kaem it him yn 't sin, dat er syn aeijen noch noait biteile hie. Hy fielde him suver gelokkich, dat er nou lang om let neikomme koe hwat er tsjin 'e kastlein sein hie. Hy wenne net mear yn 'e selde kontrei, dat hy moast der in hiele reis om meitsje, mar likegoed sette er dyselde wyks noch de stap der yn en socht dy herberge op. Ja, fordoarje, deselde kastlein wenne der noch. Dy koe him fansels net wer, hwant der wiene noch al in mennich jierren oer hinne gien. Hy frege: ‘Witte jo noch wol?’ Sa en sa. De kastlein klaude him efter 't ear. Ja, dat wist er noch. De boer sei: ‘Ik soe jo dy aeijen efkes bitelje. Mar jow my earst in slokje’. De kastlein kaem by him to sitten en se rekken oan 'e praet. Sa kaem de kastlein der efter, dat it him goed gongen wie en dat er nou great boer wie. It wie in ynklauwer, dy kastlein. Hy tochte, hjir is hwat of to heljen! Dat doe't se ôfrekkenje soene, sei er: ‘Nou kin it fansels net ta mei hwat dy aeijen doe kosten. As ik se nou ris útbret hie, dan hiene der piken fan kommen, dat wiene hinnen wurden en dy hiene safolle piken útbret en dy op har bar wer safolle. Man, ik hie yn dy tiid in hinnepark ha kinnen sa great wol as dizze hiele stêd’. Dat hy easke sa en safolle jild. De boer rekkene. Dan moast er in hypteek op 'e pleats nimme. Hy rekkene noch ris en hy kaem ta it bislút dat er dan wer sa keal as in lûs wêze soe. Daelk bitelje koe fansels hielendal net, dat mismoedich gong er fuort. Mar it duorre net lang, doe moast er foar 't rjocht komme. De kastlein hie in handige advokaet ûnder 'e earm nommen en de boer stie allinne. De jouns tofoaren hinget er hwat oer 'e homeije en dêr komt in skearesliper oan, dy giet op hûs oan. ‘Ha jo jou bikommen, boer?’ ‘Nou’, seit er, ‘dat kin 'k nou net sizze, mar der is wol ris hwat dêr't men oer neiprakkesearje moat’. ‘Jo ha swierrichheden, liket my ta’, seit de man en hy lit de skeareslyp efkes stean. ‘Net dat my hwat oan jou saken gelegen leit, mar as men jin útpraet, dat jowt wolris hwat forlichting’. Doe fortelde de boer, hoe't it der foar stie. ‘Nou’, sei de skearesliper, ‘dêr wit ik wol rie op. Jo hoege gjin advokaet to nimmen - ik sil my der wol mei rêdde. Hwannear en hwerre is de sitting?’ Nou, dêr en dêr. ‘Dan bin ik der ek’, sei de skearesliper en gong syn wegen. De oare middeis dêr kaem de skearesliper yn syn sjofel pakje op 'e rjochtsitting. Ridlik gau wie it de boer syn bar om foar to kommen. It hiele proses-verbael waerd dêr ôflêzen; de advokaet fan 'e kastlein die syn eask en doe't de boer it feit tajoech, ornearre de rjochter, der soe neat oars opsitte as in foroardieling. Oft er noch hwat yn to bringen hie? Ja, sei de boer, hy hie ek in pleiter meinommen. Dêr kaem de skearesliper nei foaren yn syn skurve klean. Elk lake der om. De skearesliper sei: ‘Sjoch ris, mynhear de rjochter. Ik sil it koart meitsje. Ik ha net folle tiid, hwant ik | |
[pagina 247]
| |
wol hjoed noch earten sette. Dat moat joun foar tsjuster en ik moat gâns in ein rinne om thús to kommen. Myn wiif hat de earte juster sean, dan giet it mei it groeijen hwat hurder. Dat it kinne wakker moaije earteplanten wurde’. Doe laken de rjochter en de advokaet fan 'e kastlein en alle oanwêzigen yn 'e seal noch helte lûder. De rjochter wiisde op 'e foarholle: ‘Sit it jo hjirre?’ ‘Hoe dat sa?’ frege de skearesliper. ‘Man, tochten jo, dat der planten fan seane earten kamen? Binne jo sa stomme ûnnoazel?’ ‘Ja’, sei de skearesliper, ‘dêr hawwe jo gelyk oan, mynhear de rjochter. Mar hoe kinne der dan fan dy seane aeijen piken komme? Dat soe ik wol ris fan jo witte wolle?’ Ja, dêr siet de rjochter mei. De seal wie mûsstil. Se tochten, dit spul hat luzen. Dat wie ek sa, de advokaet en de rjochter spilen ûnder ien huodtsje. Mar nou koe de rjochter de boer allinne mar frijsprekke en de kastlein moast er wol ta de kosten fan it proses foroardielje. Doe't de sitting ôfroun wie, stie de skearesliper op 'e boer to wachtsjen. Togearre rounen se nei hûs. Of in hûs hie de skearesliper net iens. Hy wenne yn in skipke, mar dat wie sa lek as in tjems. De boer sei: ‘Jo krije in nij skipke fan my, hwant jo ha my ek moai út 'e pine holpen’. |
|